show video detail

Frou rydt op publyk yn yn Raard: 17 minsken reitsje ferwûne
- Published_at:2013-01-01
- Category:News & Politics
- Channel:OmropFryslan
- tags:
- description: By in slim auto-ûngelok by Raard (by Dokkum) binne fannacht santjin minsken ferwûne rekke. In 42-jierrige frou út Dokkum is oan De Tange ynriden op in groep minsken dy't nei it nijjiersfjoer stie te sjen. Alhoewol't it dêr drok wie, mindere de frou gjin snelheid. De bestjoerster is troch de plysje oanhâlden. Neffens de plysje wie der gjin drank yn it spul. Ambulânses, traumateams en oare helpferlieners giene manmachtich nei Raard om de ferwûnen te helpen. Santjin minsken waarden oerbrocht nei de sikehuzen fan Dokkum, Drachten, Grins en Ljouwert. Alle slachtoffers binne ynwenners fan Raard en direkte omjouwing; it giet om 16 folwoeksen slachtoffers en ien bern. Op it plak fan it ûngelok wiene sa'n 40 minsken oanwêzich. De measte fan harren wiene tsjûge fan it ûngelok. Omstanners waarden opheind yn it doarpshûs fan Raard. Slachtofferhelp wie dêr ek by. It doarp Raard is ferslein nei it slimme ûngelok. De gemeente Dongeradiel beleit dêrom om 12.00 oere in besletten ynformaasjegearkomste foar alle ynwenners. Boargemaster Marga Waanders, sels ek ynwenster fan Raard, sil dan mei de bewnners prate oer it slimme auto-ûngelok fan 'e ôfrûne nacht. De boargemaster is tige posityf oer de earste help dy't de doarpsbewenners oan inoar ferlienden. Dy help hat it de profesjonele helpferlieners makliker makke, sa seit de boargemaster.
ranked in date | views | likes | Comments | ranked in country (#position) |
---|---|---|---|---|
2013-01-03 | 2,762 | 1 | 2 |
(![]() |
2013-01-04 | 3,533 | 1 | 3 |
(![]() |